Man yn dievejas oanholden

21 okt 2008 - 10:27

In man (44) út Winschoten is moandei mei help fan winkelpersoniel yn Drachten oanholden. It personiel seach dat de man guod meinaam en gie him achternei. De plysje waard ek fuort belle en dy waard troch it personiel fia de telefoan fan de flechtrûte op 'e hichte holden. De man koe dêrop yn de Valkstrjitte oanhâlden wurde.

Bliken die dat de man in jas oan hie dy't spesjaal geskikt makke wie foar stellen guod. De jas is yn beslach naam en de man is meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)