Man wurdt oerriden troch eigen trekker op oldtimerfestival

27 apr 2015 - 12:34
  • Ungelok Minnertsgea

In ynwenner fan Ryptsjerk (46) is op Keningsdei ferwûne rekke doe't er ûnder syn eigen trekker telâne kaam. Dat barde by in oldtimerfestival oan de Opfeart yn Minnertsgea. De trekker begûn te riden doe't de man dêrnjonken stie en him yn de fersnelling sette. Hy tocht dat er de motor útset hie, mar dat wie net sa. Troch it leven fan de oare motoaren koe er it net goed hearre.

De man is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)