Man wol kafee yn brân stekke

22 aug 2008 - 10:19

De plysje hat tongersdeitejûn in man (44) út Easterwâlde oanhâlden op fertinking fan bedriging. De man wie dy jûns de tagong wegere ta in hoarekasaak oan de Stasjonsstrjitte.

De man drige de saak yn 'e brân te stekken en kaam justjes letter werom mei in foarwerp dat derút seach as in brânbom of molotovcocktail en drige doe op 'e nij mei brânstichting. Omstanners hawwe him it foarwerp ôfpakt. De plysje hat him meinommen nei it buro foar neier ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)