Man wol famke (11) meinimme

15 jan 2006 - 12:31

De plysje op de Lemmer siket minsken dy't woansdei wat sjoen ha fan in man dy't in famke (11) meinimme woe. It famke waard op de Strjitwei oansprutsen troch in man dy't sei dat se meikomme moast. It famke wist te ûntkommen.

De plysje hat in buertûndersyk dien, mar freget tsjûgen dochs oft se har melde wolle. Ek wol de plysje graach kontakt ha mei in frou, dy't it barren sjoen hat en de man oansprutsen hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)