Man woe brân stiftsje

15 jan 2009 - 09:54

De plysje hat in 38-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean oanhâlden, omdat er fertocht wurdt fan in besykjen ta brânstifting. De man belle woansdei om ien oere nachts it alarmnûmer om te melden dat er in elektrisiteitshokje oan de Kennedyleane yn 'e brân stekke soe.

De plysje gie derhinne, mar doe wie de man der net. Der stiene wol flessen mei nei alle gedachten bensine. De man is yn syn hûs oanhâlden en meinommen nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)