Man útnaaid nei ûngelok yn Elslo

24 maaie 2015 - 10:55

Yn Makkingea is in 39-jierrige man út Warmenhuizen sneontenacht oanhâlden om't er nei in ûngelok útnaaid wie. Ek wurdt hy fertocht fan streuperij. De man soe yn Elslo in oariding feroarsake hawwe en trochriden wêze. It 51-jierrige slachtoffer út Amsterdam seit dat hy de man achterfolge hie omdat dy oan it jeien wie.

De fertochte soe him doe oanriden hawwe. De fertochte is kontrolearre en oanhâlden. Der waard ek in wapen oantroffen. Dat is yn beslach naam. De plysje ûndersiket it ûngelok en oft de fertochte him skuldich makke hat oan jeien.

UPDATE fan 16.30 oere:
Ut ûndersyk hat bliken dien dat de oanhâlden man legaal oan it jeien wie. Ek hat der gjin oanriding west. De jager fielde him yntimidearre troch de melder en besocht fuort te kommen. Dêrby ha beide auto's elkoar licht rekke, mar der wie amper skea. De jager koe nei ferhoar mei syn wapen wer nei hûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)