Man út Wommels ferstoarn

06 sep 2010 - 21:47

By in ûngelok mei in trekker yn Wommels is moandeitejûn in 75-jierrige man ferstoarn. Hy wie op syn eigen hiem oan 'e Slachte dwaande de wâlskant te meanen. Dêrby is wat misgien. De man rekke mei de trekker yn de sleat en ferstoar.

De oarsaak fan it ûngelok is net bekend. De sitmeanmasine wie op de man telâne kaam yn 'e sleat. De brânwacht hat it slachtoffer derút helle. Hy is op it plak fan it ûngelok ferstoarn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)