Man út wetter rêden yn Ljouwert

02 feb 2015 - 06:03

Helptsjinsten hawwe moandeitemoarn in man út it wetter lâns de Emmakade yn Ljouwert rêden. In fytster hearde moarns betiid dat der ien yn it wetter lei en warskôge de helptsjinsten. Dy hawwe de man út it wetter helle. Derby is ek in dûker fan de brânwacht ynsetten. De man wie ûnderkuolle en is nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)