Man út wetter rêden

17 jul 2006 - 12:30

In 47-jierrige man út Littenseradiel is sneintemiddei by Makkum út it wetter rêden doe't er net goed wurden wie. De man rûn it wetter yn, wankele en gie kopke ûnder.

Twa Harnzers dy 't op in speedboat sieten seagen de man fallen en giene der gau opôf. Se hellen de man út it wetter en rêden sadwaande syn libben. De man is yn kritike tastân nei it sikehûs yn Snits brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)