Man út wetter helle yn Makkum

14 jul 2013 - 11:22
  • It plak fan it ûngelok yn Makkum

Omstanners hawwe sneintemoarn betiid in 48-jierrige man út Makkum út it wetter helle. Se seagen him yn it sintrum fan Makkum yn it wetter lizzen, sprongen deryn en brochten him op 'e kant. Dêr reanimearren se de man. De helptsjinsten namen dat letter oer. It slachtoffer is yn kritike tastân nei it sikehûs brocht. It boatsje fan de man waard op it wetter oantroffen, dat draaide dêr yn it rûn. Nei alle gedachten is de man tsjin in brêge oanfearn en dêrnei yn it wetter rekke. De plysje docht noch fierder ûndersyk nei de krekte tadracht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)