Man út Wâldsein fermist

07 apr 2011 - 16:13
  • De fermiste Kars Niels Rosenkamp

De plysje is op syk nei de 23-jierrige Kars Niels Rosenkamp út Wâldsein. De man is tiisdei yn depressive tastân fan hûs ôfset. Hy is doe moarnsier op de bus nei Snits stapt mei in reade koffer.

Ut gegevens fan syn OV-jierkaart docht bliken dat Kars dy jûns noch yn in bus yn de buert fan Hoevelaken sitten hat. Sûnt dy tiid is der neat mear fan him fernaam. Syn famylje makket him no grutte soargen. Wa't mear wit oer Kars Niels Rosenkamp kin belje mei de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)