Man út Twizelerheide mishannele op It Amelân

10 aug 2015 - 12:41

In 19-jierrige man út Twizelerheide is yn de nacht fan sneon op snein op It Amelân mishannele troch in groep fan sa'n tsien manlju. De man fytste om healwei fiven mei in maat oer de Strânwei by Buren, doe't se útskolden waarden troch de groep. De beide mannen fregen wêrom se útskolden waarden. Dêrop waarden se oanfallen.

De 19-jierrige man krige klappen, syn maat wist te ûntkommen. It slachtoffer rekke sa ferwûne, dat hy mei in ambulânse nei de húsdokter brocht is.

De plysje siket tsjûgen fan de mishanneling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)