Man út Swol misdraacht him

01 okt 2006 - 14:36

In ynwenner (30) fan Swol is sneontejûn yn Koatstertille oanhâlden. De man wie ûnder ynfloed fan drugs en hie eefkes dêrfoar in automobilist út Marrum en in jonge op in brommer oanhâlden en lêstich fallen.

De ynwenner fan Swol begûn tsjin de auto fan de Marrumer oan te skoppen. Dy koe de man yn betwang hâlde oant de plysje kaam. De ynwenner fan Swol hie harddrugs by him. Hy is meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)