Man út Sint Anne oppakt nei bedriging mei mes

25 sep 2015 - 12:23

In 61-jierrige man út Sint Anne hat famylje fan him tongersdeitejûn mei in mes bedrige. It slachtoffer is in 29-jierrige Ljouwerter. Neffens tsjûgen gie de fertochte de man efternei mei in mes yn de hân. Yn syn wenning trof de plysje it mes oan. Dat is yn beslach naam.

De fertochte is oanholden. De Ljouwerter hat oanjefte dien fan bedriging. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)