Man út Oerterp ferûngelokke

11 aug 2003 - 00:00

In 24-jierrige Oerterpster is snein omkommen by in ferkearsûngelok by Fryske Peallen. De man siet by in doarpsgenoat yn de auto dy't rjochting A7 ried. De bestjoerder rekke yn in bocht de macht oer de auto kwyt.

De auto kaam dwers op 'e dyk en waard oanriden troch in man (40) út Fryske Peallen. Troch de klap waarden de trije ynsittenden út de auto slingere. De Oerterpster kaam dêrby om. De beide oaren rekken swier ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)