Man út Makkum stoarn

01 okt 2008 - 09:58

Op in pleats oan de Hemmensdyk yn Makkum is tiisdeitemiddei de eigner (43) om it libben kommen. De man wie troch noch ûnbekende oarsaak fallen en wie dêrby slim ferwûne rekke oan it boarst.

Personiel fan twa ambulânses en de traumahelikopter hawwe de man stabiliseard en dêrnei is er nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. Dêr is de man letter oan syn ferwûnings ferstoarn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)