Man út Lúnbert ferûngelokke

31 mrt 2010 - 09:45
  • De auto botste op in frachtauto (foto: Alex Zwart)

In ynwenner fan Lúnbert is tiisdeitejûn om it libben kaam by in ûngelok op de Mercurius op It Hearrenfean. De 61-jierrige man ried achterop in parkearde frachtauto, nei alle gedachten neidat er net goed wurden wie.

De plysje docht noch ûndersyk nei de krekte tadracht. De man ferstoar op it plak sels. Troch de oanriding ûntstie op de Mercurius in flinke ravaazje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)