Man út Langsweagen omkommen

08 nov 2012 - 10:54

It deadlik slachtoffer fan in ûngelok woansdeitemiddei op de Oranje Nassauleane op It Hearrenfean is in 24-jierrige ynwenner fan Langsweagen. De man waard net goed achter it stjoer fan syn auto. Hy rekke de macht oer it stjoer kwyt en botste doe tsjin in pear beammen. De man kaam fêst te sitten yn de auto en ferstoar.

In 49-jierrige frou dy't by him yn de auto siet, rekke net ferwûne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)