Man út it wetter rêden

26 okt 2014 - 09:55
  • Yn Bûtenpost is in man troch omstanners rêden

In foarbygonger hat sneontejûn op It West yn Bûtenpost in man út Burgum rêden dy't yn it wetter rekke wie. It slachtoffer rûn mei krukken. Hy ferstapte him, foel en kaam yn de sleat telâne. Hy sakke ûnder wetter. In omstanner seach it en sprong der efteroan. Hy hold de holle fan it slachtoffer boppe wetter, wylst in oare tsjûge de helptsjinsten warskôge. De brânwacht hat de twa út de sleat helle. De man út Burgum is ûndersocht troch ambulânsepersoniel. Dêrnei koe er nei hûs. De omstanner koe nei in dûs by de ambulânsepost ek wer nei hûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)