Man út iisslyk rêden

29 des 2008 - 15:05
  • (argyffoto)

De helptsjinsten hawwe moandei achter de seedyk by Sint Jabik in man út it slyk rêden. Hy wie by in kuiertocht mei syn soantsje en hûn op it Waad troch it iis sakke en kaam oan syn middel ta fêst te sitten. It soantsje warskôge de helptsjinsten, mar dy woene him earst net leauwe.

De brânwacht hat de man der mei in ljedder en in ein tou út lutsen. It slachtoffer is foar kontrôle oerbrocht nei it sikehûs. In traumahelikopter dy't ûnderweis wie, is weromstjoerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)