Man út Hoogeveen komt om by frontale botsing op N381

08 nov 2015 - 15:31

By it ûngelok by Donkerbroek op de N381 is in 52-jierrige man út Hoogeveen om it libben kommen. Syn frou fan 54 jier rekke swier ferwûne. Ek de feroarsaker fan it ûngelok, in 30-jierrige Ljouwerter rekke slim ferwûne.

It ûngelok barde sneintemoarn om in oere as tsien, krekt oer de brêge oer de Tjonger. De twa auto’s botsten frontaal op elkoar. De Ljouwerter ferlear yn in bocht de macht oer it stjoer en kaam op de ferkearde helte fan de dyk telâne en botste sa op de tsjinlizzer. De dyk hat in skoft ôfsletten west foar it ferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)