Man út Haulerwyk oppakt om't er pistoal yn 'e hûs hie

09 okt 2015 - 09:49

De plysje hat tongersdeitejûn in 47-jierrige ynwenner fan Haulerwyk oanholden foar ferbean wapenbesit. Yn de wenning fan de man waard in pistoal oantroffen. Nei alle gedachten giet it om in fjoerwurkpistoal.

Plysjeminsken krigen in melding dat der sketten waard yn it doarp. De skutter soe boppedat in plakgenoat bedrige ha. De plysje gie derop ôf en trof de fertochte oan yn syn wenning. Hy is oppakt. It wapen is yn beslach naam. De man sit fêst op it buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)