Man út Gytsjerk ferwûne

03 jul 2011 - 17:45

Op de A32 by Kallenkote is in man (40) út Gytsjerk sneon swier ferwûne rekke. Hy ferlear troch noch ûnbekende oarsaak de kontrôle oer it stjoer. De auto rekke de fangrail rjochts neist de flechtstrook en karambolearde dêrnei wer werom op de dyk.

In achterop kommende auto koe in botsing net foarkomme. De man út Gytsjerk is mei ynwindige ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs. De ynsittenden fan de oare auto rekken net ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)