Man út Grou mishannele

07 maaie 2006 - 16:25

De plysje stelt in ûndersyk yn nei de mishanneling fan in 37-jierrige man út Grou yn de nacht fan sneon op snein. Hy waard op in oer as twa nachts wekker fan in groepje jeugd, dy't leven makken yn de Wylde Steech.

Doe't er der wat fan sei, waard er troch fjouwer jonges skopt en slein. Fan de dieders is in beheind sinjalemint. It slachtoffer hoecht him noch net ûnder doktersbehanneling te stellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)