Man út Frjentsjer smyt glês nei barfrou

15 jul 2015 - 10:50
  • (foto-ympresje)

In man fan 23 jier út Frjentsjer is yn de nacht fan tiisdei op woansdei oppakt om't er yn in kafee oan it Ruterskertier yn Ljouwert in glês nei de barfrou smiten hie. In kollega fan de frou krige klappen.

De man siet yn it kafee mei in 29-jierrige oare Frjentsjerter. Op in stuit krigen se fan de barfrou te hearren dat it kafee tichtgean soe en dat se gjin drankjes mear bestelle koene. De 23-jierrige waard doe lilk en smiet mei in glês. Hy is meinaam nei it plysjeburo. De man fan 29 jier krige in boete, omdat er net nei de plysje harkje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)