Man út Easterwâlde oppakt foar ynternasjonale drugshannel

19 maaie 2015 - 10:37

In 24-jierrige man út Easterwâlde is ferline wike oppakt foar ynternasjonale hannel yn softdrugs. De man soe paddo's, himp en hasj ferstjoere nei Amearika, Azië en lannen yn Europa. De plysje hie ynformaasje krigen oer de drugshannel. Dat soe plakfine fanút in gebou oan de Hornleger yn Easterwâlde.

By in ynfal trof de plysje in paddokwekerij en goed 15 kilo himp oan. De man út Easterwâlde is yn it gebou arresteard. By de fertochte thús hat de plysje harddrugs, kontant jild, creditcards en wapens yn beslach nommen. De man sit noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)