Man út Easterstreek ferstoarn

26 jun 2011 - 12:26
  • (foto: Stjoerder.nl)

De man út Easterstreek dy't yn de nacht fan woansdei op tongersdei belutsen wie by in bedriuwsûngelok yn Wolvegea, is yn it sikehûs ferstoarn. Dat hat de plysje bekend makke.

De man wie oan it wurk yn it suvelfabryk oan de Frisaxstrjitte yn Wolvegea. By it ûngelok rekke hy swier ferwûne. Hy waard yn soarchwekkende tastân nei it UMCG brocht. Dêr is hy no ferstoarn. De arbeidsynspeksje ûndersiket it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)