Man út Drinte fermist

13 mrt 2002 - 00:00

De plysje fan Drinte is op syk nei de 74-jierrige Levert Haveman fan Diever. Hy is sneintejûn fan hûs fuortgien, nei in stik greide ticht by de Appelschaseweg yn Wateren, om nei syn kij te sjen.

De auto fan Haveman is wol fûn, mar de man sels is spoarleas. De plysje freget minsken dy't Haveman sjoen ha, om kontakt op te nimmen. Haveman hat wyt/grys hier, in bril en in foars postuer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)