Man út de Noardsee rêden

09 aug 2010 - 12:47

Oan de noardkant fan Flylân hat in helikopter fan de Ljouwerter fleanbasis moandeitemoarn in man út it wetter helle. Om kertier oer alven melde de man dat syn syljacht wetter makke. Neffens de kustwacht wie hy frijwat yn panyk. Fuortendaliks ha trije KNRM-rêdingsboaten en in helikopter nei it sinkende skip socht.

De melding wie dat de man oan de súdkant fan Flylân yn de problemen rekke wie, mar it skip waard lykwols oan de noardkant oantroffen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)