Man út Boelensloane krijt wurkstraf foar swiere mishanneling

25 mrt 2016 - 15:14

In 55-jierrige man út Boelensloane hat in wurkstraf fan 120 oeren krigen foar in swiere mishanneling yn Musselkanaal. Dêrnjonken moat er ek in skeafergoeding fan 1666 euro betelje oan it slachtoffer. De man sloech ferline jier oktober mei in seage op 'e holle fan de eks-freon fan syn freondinne. It slachtoffer hâlde dêr in brutsen eachkas en bliuwende gehoarskea oan oer.

De eks-freon woe nei it stikkenrinnen fan syn relaasje syn guod ophelje. De frou sei dat se benaud wie foar har eks-man en belle de man út Boelensloane. Dy hat doe ferhaal helle by it slachtoffer. Beide belutsenen sizze dat de oar as earste sloech. It slachtoffer woe earst mear as 8.000 euro oan skeafergoeding hawwe, mar dêr gie de rjochter net yn mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)