Man út Blije ferwûne rekke by oanriding by Burdaard

21 feb 2015 - 10:47
  • Ambulânse

In ynwenner fan Blije is freed ferwûne rekke by in ûngelok op de krusing fan de Dokkumerstrjitwei en de Kolkhuzerwei by Burdaard. De 68-jierrige automobilist waard oanriden troch in 44-jierrige ynwenster fan Wânswert. Dy joech de man gjin foarrang. De ynwenner fan Blije is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs. De frou en in famke fan twa dat by har yn de auto siet rekken net ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)