Man út Berltsum fermist

07 okt 2014 - 17:26
  • De fermiste Leendert Wallast

De 61-jierrige Leendert Wallast út Berltsum wurdt fermist. De man is foar it lêst sjoen op snein 28 septimber. Hy is doe út it pinsjon dêr't er wennet, weigien.

Wallast hie in bêzje trijekwartbroek oan en in giel-blauwe jas. Hy is 1.80 meter lang. Misken dy't him sjoen hawwe, kinne kontakt opnimme mei de plysje op it telefoannûmer 0900-8844.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)