Man út Aldskoat set stellen oanhingwein op Marktplaats

27 mrt 2015 - 10:23
  • Oanhâlding

In man (28) út Aldskoat is tongersdeitejûn oppakt omdat er yn it besit wie fan in stellen oanhingwein. De eigener, in man út Arnhem, hie sjoen dat de fertochte syn oanhinger op Marktplaats te keap sette. Dêrop ried er nei Aldskoat, dêr't er de wein oantrof by de wenning fan de fertochte. De Arnhemmer warskôge de plysje. Dy hold de man út Aldskoat oan.

By de wenning stiene noch twa oanhingers. De plysje ûndersiket oft dy ek stellen binne. De fertochte sit fêst foar ferhoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)