Man út Aldskoat (49) fermist

05 jul 2011 - 10:49

De plysje is op syk nei in 49-jierrige man út Aldskoat dy't sûnt moandeitemiddei fermist wurdt. Hy hie op besite west by syn mem yn Bantegea en gie om healwei ienen werom op syn skûter nei de ynstelling yn Aldskoat dêr't er wennet. Dêr is er lykwols nea oankaam. Doe't de man der moandeitejûn noch net wie, skeakele it personiel fan de ynstelling de plysje yn.

Mei in Burgernet-aksje waard nei de man útsjoen, mar hy is noch hieltyd net fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)