Man út Aldhoarne fynt stellen guod werom op ynternet

29 apr 2015 - 16:22

In man út Aldhoarne hat sels syn stellen guod op ynternet weromfûn. Der waard ein maart ynbrutsen by syn hûs oan de Skoatterlânsewei. Der waard foar 80.000 euro oan guod meinommen. Hy seach syn guod op in ferkeapsite en makke in ôfspraak. Ek ljochte hy de plysje yn. Dy hat oan de hân fan dizze tip twa manlju fan 24 en 26 jier út It Hearrenfean oanhâlden. In tredde fertochte fan 35 jier soe ek by de stellerij belutsen west ha.

De plysje hat de saak noch fierder yn ûndersyk. Mooglik dat der noch mear oanhâldings folgje, sa seit de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)