Man út Aldehaske swier ferwûne by ûngelok yn Grins

02 maaie 2015 - 12:29

In man fan 20 út Aldehaske is freedtemiddei swier ferwûne rekke by in ûngelok yn Grins. De man siet as passazjier by in ynwenner fan dy stêd yn de auto. Dy joech op in krusing gjin foarrang oan in bus en in botsing wie it gefolch.

De ynwenner fan Aldehaske rûn slimme ferwûnings oan 'e holle op. Hy is op it plak fan it ûngelok behannele troch personiel fan in traumahelikopter en dêrnei nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)