Man tusken wâl en skip

08 nov 2008 - 14:10

Oan de Harnzertrekwei yn Ljouwert is yn de nacht nei sneon in man tusken wâl en skip fallen. De 51-jierrige Ljouwerter hie spul krigen mei de 42-jierrige eigner fan it skip en wie dêrby oer board slein.

De eigner sprong de man achternei, mar it slagge him net de man út it wetter te heljen. De brânwacht en de plysje ha de beide manlju út it wetter helle. Se binne mei ûnderkuollingsferskynsels nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)