Man tsjin holle oan skopt

14 jun 2009 - 14:12

In 20-jierrige man út Snits is yn de nacht fan sneon op snein oanholden op fertinking fan mishanneling. Portiers fan in hoarekagelegenheid melden dat der in fjochtpartij plakfûn hie wêrby't it slachtoffer in ferwûning oan de holle oprûn hie.

Plysjes koene yn de hoarekagelegenheid de fertochte oanhâlde. De fertochte en it slachtoffer hiene rúzje krigen, wêrnei de fertochte it slachtoffer fan in ferheging tsjin de holle skopt hie. De fertochte is ynsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)