Man tsjin beam yn Aldemardum

17 jul 2011 - 13:32

In ynwenner (31) fan Aldemardum is sneontenacht mei syn auto tsjin in beam riden. In tsjûge seach de skansearre auto mei de man stean en warskôge de helptsjinsten. Dêrnei stabilisearre de tsjûge de nekke fan it slachtoffer, oant de sikeauto kaam. De man is mei nekletsel oerbrocht nei it sikehûs.

De plysje hat de Aldemardumer in bloedproef ôfnommen, om't it fermoeden bestie dat er alkohol dronken hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)