Man troch iis sakke

18 jan 2013 - 14:45

Op de Langwarderwielen is freedtemiddei in âldere man troch it iis sakke. Dat barde op in meter as 100 fan de kant. De man hat tweintich minuten yn it wetter lein. De brânwacht wie mei twa dûkteams te plak om de man út it wek te krijen. Ien fan de brânwachtminsken is by de man it wek yn gien om him boppe wetter te hâlden. Uteinlik is hy mei help fan in slide út it wek helle.

De man is mei de ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. Hoe't it mei de man is, is net dúdlik.

Op de Langwarderwielen binne noch mear minsken oan it riden, mar dat is net fertroud.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)