Man triuwt frou de grêft yn

29 nov 2004 - 11:20

In frou fan 38 jier út Ljouwert is snein troch in 25-jierrige stedsgenoat yn de grêft fan de Weaze smiten. De man hie har earst slein. De frou is troch in omstanner en twa ambulânsemeiwurkers út it wetter helle en oerbrocht nei it sikehûs.

In oare omstanner hat de 25-jierrige man fêstholden oant de plysje kaam. Dy hat him meinommen nei it buro. De man hie sân boltsjes cocaïne by him.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)