Man trappearre mei fjoerwapen en stekwapen

12 jul 2015 - 15:06

In 44-jierrige man út Ferwerderadiel is yn de nacht fan sneon op snein oppakt om't er in fjoerwapen en in stekwapen by him hie. De plysje hie in melding krigen oer de man en hat him op de Skoallestrjitte yn Wânswert oppakt.

De wapens binne yn beslach naam. De man sit noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)