Man trapet doar yn en falt freon fan bewenster oan

06 apr 2015 - 11:49
  • Rijperahemstrjitte yn Snits

In 46-jierrige ynwenner fan Drylts is sneintejûn oanhâlden by in wenning oan de Rijperahemstrjitte yn Snits. De man hie de doar fan it hûs yntrape. Dêrnei begong er mei meubels te smiten en fernielde er noch in oare doar. Hy foel de freon fan de bewenster oan.

De plysje hat de fertochte yn de boeien slein en meinaam nei it buro. Nei alle gedachten hat de rûzje te krijen mei relasjonele problemen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)