Man trafostasjon noch krityk

26 des 2011 - 12:53
  • Heechspanningskabels

De man dy't freedtemoarn swierferwûne fûn waard by in heechspanningsmêst yn Ljouwert, leit noch altiten yn kritike tastân yn it sikehûs. De plysje hat noch gjin idee wat de 23-jierrige St. Anne fan plan wie yn it trafostasjon oan de Esdoornstrjitte. Trochdat de man elektrokuteard waard ûntstie der in brân en wie der yn de stroomfoarsjenning yn Ljouwert in dip te fernimmen. De man is opnommen yn it sikehûs yn Grins.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)