Man te wetter op 'e Lemmer

22 jul 2002 - 00:00

Op 'e Lemmer is moandeitemoarn in ynwenner fan Meijel yn it wetter rekke. Dat barde by de brêge yn it Waaigat oan de Flevostrjitte. Hy soe yn in boatsje stappe dat neist de brêge lei.

De man foel yn it wetter en kaam net wer boppe. Syn freondinne sloech alarm en omstanners koene de man dêrnei út it wetter helje. Hy is reanimeard en nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)