Man-te-wetter dochs ferstoarn

16 mrt 2007 - 13:06

De man dy't tiisdei yn Drylts mei syn scootmobyl it wetter ynried, is yn it sikehûs oan syn ferwûnings ferstoarn. De man rekke tiisdei op 'e Súdwesthoekwei yn it wetter.

Minsken dy't dat seagen binne de man fuortendaliks neisprongen om him derút te heljen. It slachtoffer is mei de ambulâns nei it sikehûs yn Snits brocht. Dêr is er letter dy jûns ferstoarn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)