Man tankt sûnder te beteljen

22 jul 2011 - 09:59

Yn Bûtenpost is tongersdei in 74-jierrige Dútser oanhâlden, omdat er yn Twizel tankt hie sûnder ôf te rekkenjen. In meiwurker fan it tankstasjon gie achter him oan en skeakele de plysje yn. De minsken fan it tankstasjon koene de man yn Bûtenpost oan de kant krije. De plysje kaam dêr ek en hâlde de man oan.

Bliken die dat de man nochal yn de war wie. Nei kontakt mei syn famylje waard dúdlik dat dy him al sûnt tiisdei miste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)