Man tankt sûnder te beteljen

06 jun 2013 - 10:32
  • Tanke

In 54-jierrige automobolist út Zwolle is woansdeitejûn oanhâlden foar tanken sûnder te beteljen. De man hie by in tankstasjoen oan de Stienwikerwei yn De Blesse tankt. By it ôfrekkenjen like it krekt oft er it jild joech, mar hy stuts it gau wer yn de beurs. It personiel hie dizze trúk earst net troch, mar neidat de man fuortriden wie, waard dúdlik dat er net betelle hie.

Op de kamerabylden wie de trúk goed te sjen, mar ek it kenteken fan de auto fan de man. De fertochte koe letter op 'e jûn yn Zwolle oanhâlden wurde.

Hy is oerbrocht nei it plysjebruo fan Drachten foar neier ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)