Man swier mishannele

25 feb 2012 - 13:44

    In 27-jierrige ynwenner fan Droegeham is freedtenacht yn de Slotstrjitte oanhâlden op fertinking fan swiere mishanneling en geweld. De 55-jierrige bewenner fan it hûs waard slein troch trije manlju. De ruten fan syn hûs waarden ek ynsmiten. Buorlju waarden wekker fan it leven en bellen 112. De trije manlju wiene doe al útnaaid, mar tsjûgen hiene ien fan harren fêsthâlden. De oare beide binne ek bekend by de plysje.

    It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehús brocht. De fertochte is meinaam nei it buro en ynsletten foar ferhear.

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)