Man swier ferwûne op bouplak

26 aug 2010 - 14:59
  • it bouplak oan de Wurdumerdyk
  • De man is nei it UMCG brocht (foto's Robertjan Boonstra)

In noch ûnbekende man is tongersdeitemiddei swier ferwûne rekke by it wurk yn it âlde Amicitiagebou op de hoeke fan de Nieuweweg en de Wurdumerdyk yn Ljouwert. De krekte oarsaak wurdt noch ûndersocht.

It slachtoffer wie fan in betonflechtbedriuw en oan it wurk yn de liftkoker. Dêrby is in stik beton fan boppe ôf op syn nekke fallen. De man is mei slimme ferwûnings mei de traumahelikopter nei it UMCG brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)